AACTA Award

AACTA Award
algemiene ynformaasje
hist. namme AFI Award
nasjonaliteit Australysk
útrikt foar treflikens yn film en tillefyzje
útrikt troch AACTA
frekwinsje jiers
datum jannewaris
plak Sydney / Los Angeles
ynsteld 1957
1e útrikking 1958
offisjele webside
www.aacta.org

De AACTA Awards (de ferkoarte foarm fan Australian Academy of Cinema and Television Arts Awards) binne in groep Australyske prizen dy't elts jier yn jannewaris útrikt wurde foar treflikens op it mêd fan film en tillefyzje. De prizen wurde útrikt troch de Australian Academy of Cinema and Television Arts (AACTA), en wurde ornaris beskôge as de Australyske wjergaders fan 'e Amerikaanske Oscars of de Britske BAFTA's.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Tubidy